Ik doe mee met De Hollandse 100 Wandel Challenge van Lymph&Co

Oege Visser

( Inschrijfgeld De Hollandse 100 Wandel Challenge  | 10 km | Lid van team: Neitins oan Meino )

van totaal € 200 (427%)

Ik loop op zondag 24 maart 2024 (20 of 10) kilometer om zoveel mogelijk geld op te halen voor betere behandeling tegen lymfeklierkanker. Samen kunnen wij een echt verschil maken! Met veel kleine beetjes kunnen wij zorgen voor grote ontwikkelingen, dus jouw bijdrage – klein of groot is van harte welkom!

€ 250 opgehaald

€ 500 opgehaald

€ 1.000 opgehaald

Eerste donatie ontvangen

10 donaties ontvangen

25 donaties ontvangen

50 donaties ontvangen

Een blogbericht geplaatst

Toon meer
Bekijk alle
€ 50 28-03-2024 | 22:40
€ 25 24-03-2024 | 22:19
€ 10 24-03-2024 | 21:49
€ 25 24-03-2024 | 21:01
€ 10 24-03-2024 | 20:26
Bekijk alle

Wy gean der noch in kear foar!

22-03-2024 | 00:28 Wêrom gûlsto no?Wêr docht it sear by dy?Wês no mar stilStipe fynsto by MyDe triennen dy‘tsto gûlstDoch Ik sels yn in krûkDy’t Ik bewarje silOant op dy moaie deiDat Ik se drûgje sil… 19 febrewaris 2024 stoar der hjir in strjitte efter ús in lyts mantsje fan goed 8 jier. Trije wiken dêrfoar hie der te hearren krigen dat hy in foarm fan lymphklierkanker hie. No is dat hjoed de dei goed te behanneljen en is de kâns op oerlibjen iets fan 80%. Mar 80 blykte yn dit gefal gjin 100 te wêzen. In hiel doarp dy’t der foar wei wie. Faak genôch ha ik wol heard dat in bern ferlieze it minste is wat in minsk oerkomme kin. Net ien wol dat meimeitsje. Ik wol dêr seker net efterkomme.Wat kinst no dwaan foar de minsken dy’t efterbliuwe? Heit, mem, broer, pake, beppe, omke, muoike, freonen… Ek al stapt sa’n mantsje hjir noch mar 8 jier om, de sirkel mei minsken dy’t mâl mei him binne is yn dy tiid allinne mar grutter wurden. Mar wát kinst no foar harren dwaan? Op de begrafenis sêchen we dat elk en ien fertriet hie. Fertriet waard dielt. Miskien is gedeelde smart wol halve smart. Ik hoop it. Doe’t ik de sneins beamerje moast ha ik wat ferskes foar de famylje útsocht. Ferskes mei teksten lykas hjir boppe. Ferkses mei wurden fan treast. En al hoe moai at sokke ferskes ek binne sa’n mantsje hellest der net mei werom.Yn de himel is gjin tiid, dat Meino en syn neisten komme en binne der neffens my tagelyk. Mar foar sy dy’t efter bliuwe duorret it wachtsjen dêrop lang. Heel lang... Kin we dan echt neat dwaan foar sy dy’t efterbliuwe? Ik wit it net. Ús Janny belle en sei; ‘as we no oan de 10 kilometer rintocht fan de Hollandse 100 meidogge en dan ta neitins oan Meino’? Ferline jier wie de Hollandse 100 foar ús in barren mei in hiel moai risseltaat. In protte meilibben en reaksjes. In prachtig bedrag ophelle foar Stichting Lymph&Co. In stikje ferwurking foar ús eigen ferlies en tagelyk in protte wille en in seare knibbel. No koe ik Meino self net supergoed, hy boarte hjir wol foarhûs en wy binne wolris oant saaipantsje (frisbee) goaien west (ik fyn trouwens dat echte Friezen saaipantsje sizze moatte), soksoarte fan dingen. Mar net dat we elkoar écht goed koene. Toch fielde ik (en ik tink velen met mij) sterke ferbining mei it barren. Dat ik der écht fertrietich om wie. As it risseltaat fan dizze rintocht no is dat hjiroer in goed gefoel hingjen bliuwt by Meino syn neisten dan wol ik dêr best myn bêst wol foar dwaan. Hie ‘k ek noch wol in stikje fierder foar rinne wollen. Dizze snein is it safier; dan rinne we foar de neitins oan Meino. Miskien is dit dan wol wat wy foar harren dwaan kinne. En as der mei ús rintocht ek noch in protsje sinten by elkoar brocht wurde kin foar ûndersyk nei dizze foarm fan kanker dan is dat dûbele winst.
Lees meer